FIDEO: Siedden sammelje op de Ofslútdyk

Ben Bruinsma fan Sint-Anne is gek fan âlde gewaaksen as de giele 'hoornpapaver', de 'zeelathyrus', de blauwe 'walstro' en de lobbe 'melde'. Dizze plantsjes binne seldsum en benammen te finen op de Ofslútdyk. By de renovaasje fan de dyk ferdwine de plantsjes. Dêrom giet Bruinsma alle twa wiken nei de Ofslútdyk ta om de siedsjes te sammeljen. As de ferbouwing oer in pear jier klear is, kin hy de siedsjes wer werom plantsje om sa de natuer te behâlden. Bruinsma sammelet de siedden yn opdracht fan Rijkswaterstaat en Levvel, it konsortsium dat ferantwurdlik is foar de fersterking fan de Ofslútdyk.
Siedden sammelje op de Ofslútdyk
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.