Kollum: "Wrede natuer"

15 nov 2019 - 08:41

"De natuer kin wreed wêze en dan benammen de memmen. Sa ha ik al ferskate pykjes rêden dy't de mem wierskynlik ôfstjitten hat en ien dêrfan fûn ik yn ús eigen hinnehok. De hin woe it pykje perfoarst net ha, dus doe ha ik it mar grutbrocht. It waard in baas hoanne, mar hy hat altyd nuver west en op in dei sakke er troch de poaten . Hy wie ferlamme en ik ha him ôfmeitsje litten.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Letter fûn ik earne in lyts, swart pykje yn it gers en it die bliken dat it in reidhintsje wie. Dochs lei it net by in sleat en der wie gjin mem yn 'e buert. Dit pykje ha wy ek grutbrocht, mar dizze woe net swimme. We ha fan alles besocht, mar hy hie in hekel oan wetter. Uteinlik is er by De Fûgelhelling telâne kommen, omdat er syn libben hjir net feilich mear wie mei al dy hûnen en katten .

Jierren lyn fûnen de bern in einepykje en nettsjinsteande dat we wiken goed op him past hawwe, bleau er bang en ôfhâldend. Meastal wurde pykjes hiel nuet, mar dizze net. It wie sa'n aparte apostel en doe't er âld genôch wie om himsels te rêden, wie ik suver bliid dat er fuort wie en ik tink dat syn mem dat direkt al yn 'e gaten hie.

It ferline jier rûn hjir in lyts poeske om, hielendal allinnich. Dy ha wy ek yn 'e hûs helle en it wie in alleraardichst bistke. Mar al gau rekke er in pear kear yn in shock en neffens de bistedokter hie er in levershunt. Dat is in ôfwiking dêr't se mei berne wurde en dy soarget derfoar dat it bloed net goed suvere wurdt en sa'n bist himsels fergiftiget. We hawwe him úteinlik ek ynsliepe litten en miskien wie er dêrom ek wol ferstjitten.

En lêst hie Timmy in jonge do yn 'e bek. Ik wist net wêr't er weikaam en hy hie in wûne op it kopke, dus dy ha ik fuortendaliks mar nei De Fûgelhelling brocht. Dêr seine se dat it wol wat tafoel. Wierskynlik wie er út it nêst rûgele, want soks bart wol faker. Mei in gerêst hert gong ik wer op hûs oan en doe't ik it hiem op ried, siet der in do op it platdak fan de bykeuken en dy seach my strak yn 'e eagen.

Ik hie it gefoel dat it wolris de mem wêze koe. Ik ha tsjin har sein dat har jong by De Fûgelhelling wie en dat it allegear goedkomme soe. Letter seach ik dat wy yndied in nêst yn in linebeam hiene en dêr fuorre se in oar jong. Wat my doe opfoel, wie dat it in freeslik ûnnoazel makke nêst wie, dêr't mar amper ien doke yn paste. Ik fûn it sa nuver, want se hie oan 'e iene kant noed oer har bern, omdat se my op siet te wachtsjen, mar oan 'e oare kant wie it har eigen skuld!

Wy hawwe ornaris de oanstriid om alles rêde te wollen wat swak, siik en mislik is, ek al is it miskien net ferstannich en hie de bistemem gelyk. Dus as ik no immen tsjinkom dy't yn myn eagen net rjocht doocht, sjit it my wol gauris troch de holle dat as dyjinge bygelyks in hinnemem hân hie, ik wierskynlik it gekeakel net mear oan hoegde te hearren.

Ik fyn it net sa sosjaal fan mysels, mar dat is myn natuer no ien kear en dy is betiden like wreed as de echte. Miskien ha ik dêrom ek wol mear mei bisten as mei minsken."

(advertinsje)
(advertinsje)