Aksjekomitee hat beswier tsjin mooglike komst transformatorstasjon by Burgum

15 nov 2019 - 07:04

Aksjekomitee Noardermar wol gjin transformatorstasjon yn Burgum. It ministearje fan Ekonomyske Saken sjocht Burgum as ien fan trije mooglike lokaasjes foar sa'n transformatorstasjon, dy't de ferbining foarmje moat tusken it nije wynpark boppe de Waadeilannen en it lanlike elektrisiteitsnet. Mar neffens Klaas de Haan fan it aksjekomitee is in rûte nei Burgum hielendal net geskikt.

Mooglike rûtes fan de kabelferbining - Foto: Ministearje fan Ekonomyske Saken

Dat der in kabelferbining komme moat tusken it nije wynpark boppe de Waadeilannen en it lanlike elektrisiteitsnet is al even dúdlik. Foar it einpunt fan de kabelferbining, dy't ûnder de grûn rinne sil en útkomt by in nij te bouwen transformatorstasjon, binne trije plakken útkeazen. Dat binne Burgum, Vierverlaten by Grins en Eemshaven by Delfsyl.

Foar elk plak wurdt troch it ministearje sjoen nei trije mooglike rûten. Tongersdeitejûn wie der yn gearkomste dêr't de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bypraat waard troch TenneT en it ministearje fan Ekonomyske Saken.

'Rûten fia Burgum skrasse'

Noardermar wol neat witte fan de trije rûten nei Burgum. "De plannen dat wy oergean moatte op in oare soarte enerzjy stean wy efter. Wy binne ek net tsjin it wynpark. Allinnich Burgum leit yn in prachtich natuergebiet, dêr't ek minsken wenje. De oare lokaasjes binne wat dat oanbelanget mear yndustrygebiet sûnder omwenners, benammen de Eemshaven", sa seit Klaas de Haan fan Noardermar nei ôfrin fan in ynformaasjegearkomste fan netbehearder TenneT en it ministearje.

Klaas de Haan fan aksjekomitee Noardermar

"De kabel wurdt ûnder de grûn lein, mar it giet ús benammen om it transformatorstasjon. Dat is in fabryk fan tweintich meter heech, en dat jout in brommend lûd op 'e eftergrûn dat altyd oanwêzich is. Dêrfan sizze se dat se dat kompensearje kinne, mar hoe, dêr bliuwe se faach oer."

It ministearje beoardielet de trije lokaasjes oan de hân fan fiif tema's. Ien dêrfan is de omjouwing fan it mooglike trajekt. "We snappe hiel goed dat it in yngewikkelde kwestje is. Mar as allinnich al jo nei de omjouwing sjogge, mei minsken dy't hjir wenje yn in moaie natuer, dan moast it allinnich al dêrom net wolle fine wy. Dan tinke wy dat de oare lokaasjes folle geskikter binne."

Foto: ANP

De minister fan Ekonomyske Saken nimt yn oktober in beslút hoe't de kabelferbining rinne sil en wêr't it transformatorstasjon komme sil. Dat beslút is dan definityf. Yn 2023 wurdt dan begûn mei de bou fan it wynpark boppe Skiermûntseach. Pas yn 2026 kin de ferbining dan yn gebrûk naam wurde.

Anne Melchers fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken

(advertinsje)
(advertinsje)