Allinne tsjinstanners fan Swarte Pyt demonstrearje by yntocht yn Ljouwert

15 nov 2019 - 06:00

Allinne tsjinstanners fan Swarte Pyt sille sneon demonstrearje by de oankomst fan Sinteklaas yn Ljouwert. Dat hat de gemeente witte litten. De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet hat in plak op it Wilhelminaplein tawiisd krigen. De gemeente nimt maatregels om geweld tsjin de groep foar te kommen.

De ME tidens de yntocht fan 2018 - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Kick Out Zwarte Piet mei sneon demonstrearje yn in ôfbakene fak op it Wilhelminaplein, oan de kant fan it Ruterskertier tsjinoer it Paleis fan Justysje. De demonstranten moatte har dêrby hâlde oan betingsten dy't de gemeente har foarôf steld hat. De plysje sil der op tasjen dat se dat ek dogge. It is Kick Out Zwarte Piet ferbean om ek op oare plakken te demonstrearjen, bygelyks yn de Prinsetún.

Geweld foarkomme

Om foar te kommen dat der lykas ferline jier geweld tsjin de demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet wêze sil, hat de gemeente oanfoljende feiligensmaatregels naam. "Om de intocht goed en ordelijk te laten verlopen, worden hierover geen mededelingen gedaan", se meldt de gemeente. Foarstanners fan Swarte Pyt hawwe gjin demonstraasje oanmeld.

Sinteklaas komt sneon om 12.00 oere oan yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dêr wurdt er wolkom hjitten troch de berneboargemaster fan Ljouwert. Dêrnei makket Sinteklaas, mei syn piten, in tocht troch de binnestêd. Dy giet ûnder oare oer de Grienewei, Foarstreek, Kelders, Wurdumerdyk, Ruterskertier en Nijstêd.

De tocht einiget op it Hofplein, dêr't boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert Sinteklaas wolkom hjit op it bordes fan it stedhûs.

Harkje nei de bydrage oer de demonstraasje tsjin Swarte Pyt

(advertinsje)
(advertinsje)