Biosintrum yn Easterwâlde hat kwart miljoen euro ekstra nedich

It nije Biosintrum yn Easterwâlde hat in kwart miljoen euro ekstra nedich as by de bou tocht waard. It gebou wurdt op koarte termyn oerdroegen fan de gemeente Eaststellingwerf oan de stichting Biosintrum.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Harry Oosterman iepenje it Biosintrum © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De gemeente soe yn earste ynstânsje in liening fan 1,6 miljoen euro beskikber stelle foar de stichting, mar dizze moat ferhege wurde nei 1,85 miljoen.
Dat komt om't de sertifisearring en de ynrjochtingskosten heger útfalle as yn it foar tocht waard. Dêr stiet tsjinoer dat der in bettere ynstallaasje foar byld en lûd oanlein is, wêrmei't de stichting jierren foarút kin.