Automobilisten op 'e bon slingere nei snelheidskontrôle yn Easterbierrum

14 nov 2019 - 21:31

De plysje hat tongersdei in snelheidskontrôle hâlden op de N393 by Easterbierrum. Yn totaal rieden 137 automobilisten te hurd; sy kinne in boete temjitte sjen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De plysje hat yn trije oeren tiid yn totaal 263 passanten kontrolearre. Mear as de helte fan de minsken ried te hurd. Op de dyk yn Easterbierrum is de maksimumsnelheid 30 kilometer yn 'e oere.

Ien bestjoerder kaam sels mei goed 70 kilometer yn 'e oere oer de N393.

(advertinsje)
(advertinsje)