Bysûndere bonbons út Kollum falle yn de smaak by bakkersfakwedstriden

Tsien kear in tsien; dat krigen de bonbons fan bakker Van der Bijl út Kollum dizze wike by de bakkersfakwedstriden yn Drachten. De dielnimmers moasten twa ferskillende bonbons ynleverje, dy't op tsien punten beoardiele waarden.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Anika en Hanneke binne de betinkers fan de priiswinnende bonbons. Sy moasten by de wedstriid rekken hâlde mei de struktuer fan de bonbons en de folling, mar ek mei de glâns en de orizjinaliteit. Der diene yn totaal mear as 180 bakkers mei oan de wedstriden.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei betinkers Anika en Hanneke
Mar hoe betinke je no sa'n hearlike bonbon? "Je binne yn it foar earst oan it ûndersykjen", fertelt Hanneke. "Hoe dogge wy it mei de smaak? Hoe sille wy de bonbon dekorearje? Dêrfoar kinne je ek op ynternet sjen, mar ek sels gewoan mar besykje. En dan komme je úteinlik ta in resultaat."

Heechste sifers

Dat proses hat fertuten dien. De bonbons hawwe de heechste sifers helle by de bakkersfakwedstriden. Neffens Anika en Hanneke komt dat troch de kombinaasje fan it krokantsje, it laachje sûkelade en de frisse mar ek soere smaak.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Anne van der Bijl
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar