FIDEO: It gefaarlikste krúspunt fan Fryslân leit op It Hearrenfean

14 nov 2019 - 20:32

Der gebeure hieltyd faker deadlike ûngelokken op krúspunten. Dat docht bliken út ûndersyk fan RTL Nieuws. It gefaarlikste krúspunt fan Fryslân is neffens dizze analyze op It Hearrenfean. Op de krusing fan de Nassaulaan en de Prinsenweg hawwe de ôfrûne trije jier seis ûngelokken west. It is hjirmei de gefaarlikste krusing fan ús provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)