Eksperts fan Herbarium Frisicum nei Perû op sammelingsekspedysje

14 nov 2019 - 20:01

Twa plante-eksperts fan it Herbarium Frisicum út Wolvegea sille trije wiken lang op ekspedysje nei Perû. Dêr sille se mei oare eksperts sykje nei de wylde tomaat, de wylde auberzjine en de wylde ierappel.

Foto: ANP

Ien fan de minsken dy't derhinne sil is Karst Meijer. Hy is inkelde jierren lyn mei de minsken út Perû yn kontakt kommen.

"Ik heb ze geholpen met het opzetten van het Herbarium in Lima", seit Meijer. "Als dank voor de hulp zijn we uitgenodigd om mee te gaan op expeditie. Het is een hele ervaring. We worden ook ontvangen op de universiteit, houden lezingen en we gaan Friesland promoten. We zijn tenslotte het Herbarium Frisicum."

Planten mei nei Fryslân

Mar it giet benammen om de planten, lykas de wylde tomaat en de wylde ierappel. Se sille ek planten meinimme út Perû. "Het is een verzamelingsexpeditie. De vergunningen zijn geregeld, dus we nemen ook planten mee naar Friesland."

Meijer sjocht benammen út nei de kâns om mei te sjen yn it herbarium dêr yn Súd-Amearika. "Hoe ze het daar voor elkaar hebben. Maar daarnaast ook om de Amazone en het Andesgebergte te zien. Het wordt een hele belevenis, met een belangrijk doel: alle soorten daar in kaart te brengen om ze te kunnen behouden."

Karst Meijer fan Herbarium Frisicum

(advertinsje)
(advertinsje)