GGZ Fryslân set útein mei generaasjeregeling foar meiwurkers

GGZ Fryslân komt as earste ggz-ynstelling fan Nederlân mei in saneamde generaasjeregeling. Meiwurkers fan 63 jier en âlder ha yn dy regeling de mooglikheid om tachtich prosint fan it hjoeddeiske kontrakt wurkjen te gean om dêrby njoggentich prosint salaris en hûndert prosint pensjoenopbou te krijen.
GGZ Friesland © Omrop Fryslân
GGZ Fryslân wol de âldere meiwurkers dêrmei de kâns jaan op in sûne wize it pensjoen te heljen. Dêrnjonken kin GGZ Fryslân romte meitsje om jongere professionals oan de organisaasje te binen.
Troch de kennis en kunde fan de âldere meiwurkers te keppeljen oan de jongere meiwurkers, waarboarget GGZ Fryslân de takomst yn dizze fergriizjende merk. De generaasjeregeling is net opnommen yn de cao foar 2019-2021 GGZ. GGZ Fryslân is in pionier.