40 jier F-16: fleaners fertelle har ferhaal yn nij boek

"40 jier fleanen mei F-16's hat Nederlân feiliger makke." Dat seit Joost 'Niki' Luysterburg, F-16 fleaner fan berop en ien fan de minsken dy't syn ferhalen optekenje litten hat yn it boek Missie F-16. Telegraafsjoernalisten Olof van Joolen en Silvan Schoonhoven krigen tagong ta de sletten mienskip fan F-16 fleaners.
40 jier F-16: fleaners fertelle har ferhaal yn nij boek
It doel wie om no ris út de earste hân fêst te lizzen wat de mannen en froulju meimakke hawwe boppe oarlochsgebiet. Want fan de ôfrûne 40 jier hat Nederlân mei dit tastel goed 25-jier aktyf west boppe konfliktgebieten lykas Joegoslavië en koartlyn Syrië.
"Het is opvallend hoe weinig mensen eigenlijk weten over de inzet van de F-16 de afgelopen jaren," seit sjoernalist en skriuwer Silvan Schoonhoven. "Als je aan een willekeurig persoon vraagt wat het meest ingezette wapen van Nederland is, weten maar weinigen daarop het antwoord."
Dat wie ien fan de redenen om mei syn kollega Olof van Joolen te begjinnen oan it boek. By de lêste oarloch tsjin IS boppe Syrië en Irak hat de loftmacht goed trijetûzen oanfallen dien. Dêrby waarden 2100 bommen smiten. "Nederland heeft daar veel IS-strijders bij uitgeschakeld. Dan moet je denken aan duizenden."

Skiednis fêstlizze

It boek heakket wat ta oan it fêstlizzen fan de histoarje fan de loftmacht. Fleaner Joost Luysterburg: "Het werk dat wij doen is zwaar onderbelicht. Ik ben er persoonlijk van overtuigd dat de discussie over de vervanging van dit toestel, de overstap naar de F-35, zo lastig was omdat niemand eigenlijk weet heeft wat we aan het doen zijn."
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

De aktualiteit

"Het mooiste is dat het gaat over de actualiteit. Er is op moment in de politiek veel discussie over burgerslachtoffers en 'nevenschade'. Een van de vliegers die voor één van die zaken verantwoordelijk was, vertelt openhartig zijn verhaal. Over de impact die zoiets heeft op hem", seit Schoonhoven. "Het gaat over leven en dood, knopen doorhakken."
In soad fan de fleaners dy't de beide sjoernalisten sprutsen hawwe dogge iepenhertich har ferhaal. Benammen oer hoe't se omgean mei libben en dea. Schoonhoven: "Ze hebben het over het uitnemen van een tegenstander. Over poppetjes en auto's die ze raken. Dat klinkt voor een buitenstaander heel abstract maar het gaat om beslissingen die in een 'split-second' genomen worden."
Luysterburg: "We zien de strijd die wij in de lucht hebben gevoerd hier in Nederland niet echt. We voeren die niet op onze eigen grenzen. Dat doen we elders. Maar als we brandhaarden elders kunnen blussen zorgen we ervoor dat we hier door kunnen gaan met onze manier van leven, in vrede en veiligheid."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It boek

Yn Missie F-16 fertelle fleaners dy't oan de widze stiene fan it fleantúch oer harren ûnderfinings. Oer it grutte tal deadlike ûngelokken en hoe't dêr doe yn de fleanermienskip mei omgien waard. Ien fan de fleaners, Glance, seit dêroer: "Net als Formule 1-rijders in die tijd dacht je alleen altijd: mij gebeurt het niet."
Oer de earste ynset boppe it eardere Joegoslavië. It plak dêr't fleaners foar it earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer echte wapens ynsetten. Der wurdt ek stilstien by it ferhaal fan Manja 'Toots' Blok. Sy bombardearre in tal tanks dy't Srebrenica belegeren. In aksje dy't strikt nommen net legaal wie om't se gjin tastimming frege hie foar de ynset fan har wapens. De papieren werklikheid en de 'echte' werklikheid is wat dat faker werom komt yn it boek.
Bygelyks yn it ferhaal oer in botsing boppe Brabân. Lonneke 'Betty' Maes botst yn de loft tsjin in sportfleantúch. Beide ynsitters oerlibje it net, 'Betty' kin harsels mei de sjitstoel rêde. It Iepenbier Ministearje docht in ûndersyk en der hinget har in selstraf boppe de holle. De Onderzoeksraad voor Veiligheid stelt dat har neat te ferwiten falt. It ûndersyk fan it IM duorret langer. Nei goed oardel jier wurdt de saak seponearre. 'Betty' sels hat har fleanoeren dan al oan de wylgen hongen.

Boargerdeaden

It politike debat giet op dit stuit oer boargerdeaden feroarsake troch it bommen smiten fan Nederlânske F-16's. Ien fan de twa wurdt yn it boek omskreaun. It giet om it ferhaal fan 'Stefan'. Op 20 septimber 2015 giet it mis. Stefan wie de kommandant fan de misje. Hy bombardearret it hûs, fjouwer minsken komme om it libben. Letter docht bliken dat de ynljochtingetsjinst in flater makke hat. Se tochten dat it hûs in IS-haadkertier wie. 'Stefan' krijt in pear moannen letter te hearren dat der in ûndersyk ynsteld wurdt. Hy is sels ek aktyf op syk nei bylden en is der siik fan as hy sjocht wat der bard is.
Dêr tsjinoer stiet it ferhaal fan Basim Razzo, de man dy't de bom op syn hûs krige, dy't syn famylje kwytrekke. Hy fertelt oer syn fertriet, syn syktocht nei erkenning, nei antwurden wêrom't krekt syn hûs bombardearre wurde moast. Nei lang sykjen krijt hy antwurd fan de Amerikanen: "We fucked up".
It is net allinnich in boek foar de leafhawwer fan fleantugen. Ek minsken dy't witte wolle wat dy F-16's no eins dien hawwe yn it bûtenlân krije in goed antwurd. Njonken de ferhalen oer de ynset fan wapens yn gefaarlike omstannichheden yn Afganistan krije je ek in goed ynsjoch yn dat wat in jonges- of famkesdream wêze kin: jachtfleaner wurde.