Sybrandy's wurdt op it nije plak in natuer- en boarterspark

14 nov 2019 - 18:22

As it Sybrandy's Speelpark definityf ferhuzet nei rekreaasjeterrein De Hege Gerzen by Aldemardum, dan wurdt it in natuer- en boarterspark. Dat seit wethâlder Frans Veltman fan gemeente De Fryske Marren. "We moatte elkoar fersterkje: de bern dy't der boartsje yn 'e kunde komme litte mei de natuer."

Undernimmer Sjerp Jaarsma en wethâlder Frans Veltman oer de liening en de ferhúsplannen:

De gemeente kin in liening fan 450.000 euro jaan oan Jaarsma om de plannen te realisearjen. Dat waard tongersdei bekend nei ûndersyk. It kolleezje hie de plannen foar de liening al langer, mar de ried woe earst witte oft der dan bygelyks gjin sprake wie fan ferbeane steatsstipe. Ut it ûndersyk hat bliken dien dat it allegear tastien is. "Dit wie wol it wichtichste betingst om te sjen oft Sybrandy's trochgean koe op in nije lokaasje", seit Veltman.

Gjin tûkelteammen mear

De wethâlder sjocht op it earste gesicht fierder gjin tûkelteammen. "We moatte wol even sjen nei de rjochten en ferantwurdlikheden. De grûn is fan de gemeente en dêr wol in partikulier wat op realisearje. Dat moatte je yn it foar allegear goed regelje, mar ik bin derfan oertsjûge dat we dêr mei-inoar wol útkomme."

We ha hiel moaie plannen foar natueredukaasje.

Sjerp Jaarsma

"Ik bin de gemeente en it kolleezje hiel tankber", seit ûndernimmer Sjerp Jaarsma, dy't Sybrandy's nei De Hege Gerzen helje wol. "It is sa wichtich foar de regio. En we ha hiel moaie plannen foar natueredukaasje. We wolle útlis jaan oer wat Natura 2000 no krekt is. Dat dogge we yn bernetaal, want de doelgroep is bern oant 12 jier."

Iepen yn april 2020

Jaarsma giet derfan út dat de takomst fan Sybrandy's no 100 persint wis is. "We sykje no in geskikt bedriuw dy't de ferhuzing oppakke kin. Dat moat in sertifisearre bedriuw wêze, dy't it yn jannewaris of febrewaris útfiere kinne. En we dogge in berop op frijwilligers yn maart, want yn april 2020 wolle we iepen."

(advertinsje)
(advertinsje)