Veenker stiet foar nij bobslydseizoen, "mar jild is altyd it probleem"

It wintersportseizoen stiet wer foar de doar en foar bobslider Dennis Veenker fan Damwâld betsjut dat wer in soad Europacup- en wrâldbekerwedstriden. Dochs moat er in wedstryd yn Amearika sjitte litte en is it dreech om genôch jild by elkoar te krijen foar de wedstriden yn Europa. "Jild is altyd it probleem", seit er.
Dennis Veenker
Dat komt trochdat de sport gjin jild krijt fan sportkoepel NOC*NSF en sponsoaren binne lestich te finen. "It kostet 20.000 euro om de sliden nei Amearika te fleanen", seit Veenker. "En we ha gewoan net genôch omtinken en bekendheid om it echt fan de grûn te krijen, wylst de prestaasjes prima binne."
Veenker sil moandei wol nei Winterberg en bliuwt fiif wiken fan hûs foar Europeeske wedstriden. Yn jannewaris steane de wrâldbekerwedstriden op it programma. Syn team is sterk en hy ferwachtet ek heech te einigjen.

Nei de Spelen

It grutte doel: de Olympyske Spelen fan 2022. "Dat moat finansjeel en fysyk fansels wol mooglik wêze. Sa't we der no foar steane, moat it kinne, mar it moat net minder wurde. Ik wol der 100 prosint foar gean."