Efter de skermen yn de soarch: operearje mei de Da Vinci-robot

14 nov 2019 - 17:30

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Urolooch Chris Koolenbrander rydt alle freeds nei Ljouwert om dêr mei de Da Vinci-robot pasjinten mei prostaatkanker te operearjen. Dêr sjogge we nei yn de fjirde ôflevering fan 'Soarch oer de takomst'.

De fjirde ôflevering fan 'Soarch oer de takomst':

En pasjint Eldert Hoekstra fertelt hoe't it him fergien is sûnt de operaasje. Bestjoerder Kuin blikt foarút en fertelt dat ek pasjinten hieltyd faker sels regy nimme kinne troch bygelyks sels de bloedwearden te mjitten.

It komt allegear foarby yn de nije njoggendielige searje 'Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch'. Fan 24 oktober ôf alle tongersdeis om 17.30 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

(advertinsje)
(advertinsje)