F-35 hat neat oerholden oan flater mei blusskom

It nije F-35-tastel dat twa wiken lyn op de Ljouwerter fleanbasis by fersin wolkom hjitten waard mei blusskom yn stee fan wetter, liket gjin skea oprûn te hawwen. Dat seit de Koninklijke Luchtmacht nei in ynspeksje.
By de oankomst yn Ljouwert krige de F-35 blusskom oer him hinne:
Ekstra ynspeksje nije F35 troch blusskom
Yn de blustastellen sitte de knoppen foar skom en wetter njonken elkoar en de brânwacht hat by fersin op de ferkearde knop drukt. Definsje wie even benaud dat de motors skea oprûn hiene, mar dat is net it gefal. Se wurde foar de wissichheid noch wol in kear goed neispield.