Bestjoeringskast slûs Marsum foar twadde kear fernield

14 nov 2019 - 16:52

De bestjoeringskast fan de slûs yn Marsum is fernield. It leit op de grûn. Doarpsbelang Marsum docht in oprop oan minsken om it te melden as se wat sjoen ha.

Foto: Doarpsbelang Marsum

It is net bekend wa't ferantwurdlik is foar de fernielingen. De reden is ek net dúdlik.

De fernieling waard moandeitemoarn ûntdutsen. It is al de twadde kear dat it bard is.

(advertinsje)
(advertinsje)