Fertochte (29) stekpartij De Westereen twa wiken langer fêst

14 nov 2019 - 16:44

De 29-jierrige man, dy't moandeitemoarn nei de stekpartij op it stasjon fan De Westereen oanhâlden waard, bliuwt twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdeitemiddei besletten.

Foto: Kappers Media

Op it stasjon waard moandeitemoarn om njoggen oere hinne in frou stutsen. Sy is dêrnei mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs oerbrocht.

De plysje hat in mes fûn en ûndersocht, ûnder oare mei in helikopter, wat der krekt bard is. De oarsaak fan de stekpartij leit yn de relasjonele sfear.

Tsjûgen socht

Op it momint fan de stekpartij wiene der in soad minsken op it perron. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.

(advertinsje)
(advertinsje)