Ljouwerter restaurant ROAST earste winner tagonklikenspriis

14 nov 2019 - 16:26

It restaurant ROAST oan de Nijstêd yn Ljouwert hat op de Dei fan de Undernimmer as earste de wikselbokaal foar tagonklikens krigen. It restaurant krijt de priis om't it letterlik en figuerlik obstakels weinimt foar minsken mei in beheining. De wikselbokaal waard útrikt troch de Taskforce Toegankelijkheid 2028.

Foto: Eigen foto

ROAST hat de priis krigen om't it leechdrompelich is foar minsken mei in beheining. Taskforce Toegankelijkheid is goed te sprekken oer de tagonklikheid en de assistinsje dy't it restaurant biedt oan bygelyks bline of net goed hearrende of dôve minsken, of oan minsken mei in fysike of ferstanlike beheining.

Foar eigener Evert-Jan van der Hoed fan ROAST is de bokaal in kroan op syn wurk en in opstekker nei de takomst ta. "Na het bezoek van de Taskforce zijn we ons nog bewuster geworden van het feit dat het altijd vriendelijker kan wat betreft toegankelijkheid en assistentie."

Jierlikse priis

Taskforce Toegankelijkheid set him yn foar dit ûnderwerp. Restauranten of kafees binne somtiden min te berikken troch treppen; ek om't eigeners te min ree binne mei te tinken en oplossingen oan te bieden. De wikselbokaal sil tenei elk jier op de Dei fan de Undernimmer útrikt wurde oan in bedriuw dat syn of har bedriuw tagonkliker makke hat foar minsken mei watfoar beheining dan ek.

(advertinsje)
(advertinsje)