Plysje hâldt twa yllegale manlju út Jemen oan op de A32

14 nov 2019 - 16:01

De plysje hat tongersdeitemiddei op in parkearplak oan de A32 twa manlju fan 29 en 31 mei de Jemenityske nasjonaliteit oanhâlden. It docht bliken dat beide manlju yllegaal yn Nederlân ferbliuwe.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Meiwurkers fan de plysje seagen om twa oere in auto oan de súdkant fan Ljouwert riden. Ien fan de trije minsken yn dy auto hie de gurdle net op de goede manier om. Boppedat wie de eigener fan de auto net yn it besit fan in jildich rydbewiis, sa die bliken nei toetsing fan it plysjesysteem.

Gjin dokuminten

By kontrôle sei de man dat hy syn rydbewiis net by him hie. Ut in oar dokumint die bliken dat de man 20 jier âld wie en yn Steenwijkerwold wennet. De oare twa manlju hiene allinne in Nederlânsk frjemdlingedokumint by harren, dat net mear jildich wie.

De beide manlju binne oerdroegen oan de AVIM, de Afdeling Vreemdelingen, Identificatie en Mensenhandel.

Trefwurden: 
plysje A32 yllegalen Jemen
(advertinsje)
(advertinsje)