Gemeenteried Ljouwert wol bettere kontrôle op gasfjilden Vermilion 

14 nov 2019 - 15:45

De Ljouwerter gemeenteried hat ynstimd mei de moasje fan D66 om oan te trúnjen op bettere kontrôle fan de gasputten dy't Vermilion ynkoarten iepenje wol. De gemeente freget Staatstoezicht op de Mijnen om bettere ynspeksjes.

Foto: ANP

Vermilion wil ynkoarten seis gasputten iepenje dy't tydlik sletten wiene. Twa fan dizze putten lizze yn de omjouwing fan De Alde Feanen, it natuergebiet dat foar in grut diel yn de gemeente Ljouwert leit.

Alde gasfjilden

De opnij te iepenjen gasputten stamme út de perioade tusken 1965 en 1987, wylst de libbensdoer fan in gasput gemiddeld sa'n 30 jier is. Dêrnei spylje saken as korroazje fan de liedingen in rol. Dêrom wol de gemeente dat Staatstoezicht op de Mijnen ekstra kontrôles útfiert.

Julie Bruijnincx, fraksjefoarsitter fan D66 Ljouwert, ljochtet ta dat har fraksje tsjin it hiele gaswinningsplan is, mar dat it net mooglik is om gaswinning op gemeentlik nivo tsjin te hâlden. "D66 wil dan ook in ieder geval zeker weten dat wanneer deze putten opnieuw in gebruik genomen worden de installaties veilig zijn. Zo kunnen we het risico op schade voor de volksgezondheid en de natuur minimaliseren."

(advertinsje)
(advertinsje)