Ek problemen mei weromleverjen fan stroom yn Eaststellingwerf

14 nov 2019 - 15:17

It weromleverjen fan stroom fan sinnepanielen dat net foar eigen gebrûk is, smyt somtiden problemen op yn de gemeente Eaststellingwerf. Ferskate ûndernimmers hawwe dat oanjûn. In nije oansluting op it stroomnet is foar grutte bedriuwen op guon plakken net mear mooglik.

Griene stroom - Foto: Shutterstock.com

Netbehearder Liander seit dat der op tal plakken yn Fryslân gjin kapasiteit op it netwurk mear is om opwekke enerzjy troch sinnepanielen of wynmûnen werom te leverjen. De gemeente Eaststellingwerf organisearret op 21 novimber in iepenbiere gearkomste oer it ûnderwerp yn Easterwâlde. Liander is dêr ek by.

Net foldwaan oan wetlike plicht

De netbehearder registrearret yn Fryslân op dit stuit santich prosint mear ynstallearre sinnepanielen. Der is in wetlike oanslutingsplicht, mar dêr kin Liander dus net oan foldwaan, ek al hat it dit jier foar 85 miljoen euro ynvestearre yn it Fryske stroomnetwurk.

(advertinsje)
(advertinsje)