Henk Smink fan It Frysk Orkest ferstoarn

14 nov 2019 - 14:29

Ald-direkteur Henk Smink fan it Frysk Orkest is ôfrûne moandei op 89-jierrige leeftiid ferstoarn yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Smink wie ek de mei-oprjochter fan it Frysk Jeugdorkest. Yn 1989 waard it Frysk Orkest gearfoege mei it Noordelijk Filharmonisch Orkest ta it Noord Nederlands Orkest. Yn dy tiid soarge dat foar in soad reuring, omdat it fúzjeorkest yn Grins fêstige waard.

It Frysk Orkest wie yn 1950 ûntstien yn it ramt fan it spriedingsbelied fan de keunsten.

(advertinsje)
(advertinsje)