Hoe behannelje je immen mei demintens, frijwilligers krije kursus
Alzheimer is in sykte dy't by in soad minsken foarkomt, om hjir better mei om te gean, krije frijwilligers fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean in training 'Samen dementievriendelijk'. Sa kinne se flugger minsken mei Alzheimer werkenne.
De gemeente It Hearenfean hat yn 2020 sa'n 960 ynwenners mei de sykte, de prognoaze is dat dit yn 2040 al 1500 wêze sille.
Yn sikehûs Tjongerschans hawwe 90 frijwilligers deistich kontakt mei pasjinten. De direksje fan it sikehûs fynt it belangryk dat minsken mei demintens akseptearre wurde en sa lang as mooglik meidwaan kinne yn de mienskip.
Demintens is nei kanker en hert-en iersyktes de meast foarkommende deadsoarsaak yn Nederlân.