Titia Huisman nije direkteur teäter De Koornbeurs

Titia Huisman fan Skearnegoutum wurdt de nije direkteur fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. It teäter sit al in jier sûnder fêste direkteur, nei't Lineke Kortekaas nei fiif jier ophold. Yn de tuskentiid wie Gerard Wolters de tydlike direkteur.
© Google Streetview
Huisman set op 1 jannewaris 2020 útein by De Koornbeurs. Op it stuit hat se in buro foar personielsûntwikkeling.
De lêste fêste direkteur fan De Koornbeurs, Lineke Kortekaas, krige in baan oanbean yn Noard-Hollân. Oant 1 desimber 2018 bleau se noch oan as direkteur fan De Koornbeurs, mar sûnt dy tiid siet it teäter dus sûnder fêste direkteur.
De Koornbeurs hat it finansjeel dreech hân. Dit jier skreau it teäter foar it earst yn tsien jier wer swarte sifers, ûnder oare troch mear besikers.