Hoe giet it der oan ta yn de showbizz op it iis op Ferhalejûn

14 nov 2019 - 12:41

Keunstreedrydster Madelène van Beuzekom fan De Lemmer is jierrenlang de wrâld oer reizge mei it ynternasjonale selsskip Holiday on Ice. Se kriget dêr altyd in soad fragen oer en tocht: lit ik myn ferhaal fertelle op de Ferhalejûn. No freed wurde rûnom yn 'e provinsje allegearre ferhalen ferteld.

Madelène van Beuzekom yn Holiday on Ice - Foto: Madelène van Beuzekom

De keunstreedriders mei wa't se wurke, kamen út de hiele wrâld. "Het waren veel excentrieke mensen die heel uitbundig konden zijn. Of ik me er thuis voelde? Om heel eerlijk te zijn: ja. Ik hou ervan om in het middelpunt van de belangstelling te staan en mensen te vermaken."

Moaiste plak

It moaiste plak dêr't se west hat, is Tallinn, de haadstêd fan Estland. Dat hie se yn it foar net ferwachte. "We hadden hiervoor opgetreden in Rusland waar het best grijs en grauw was, dus ik dacht dat het in Estland ook zo zou zijn. Maar toen we hier aankwamen zag het er middeleeuws en sprookjesachtig uit. Hier wil ik zeker nog een keer heen."

Se hat ek in boadskip oan de taharkers: "Door iets te doen en er hard voor te werken kun je alles bereiken wat je wilt."

Madelène van Beuzekom fertelt oer har tiid by Holiday on Ice

Omrop Fryslân stiet dizze wike wiidweidich stil by de Ferhalejûn fan freed 15 novimber. Ferline jier wie dit ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it Kulturele Haadstêd-jier en it krijt no in ferfolch. Op mear as hûndert plakken troch de hiele provinsje hinne wurde ferhalen ferteld: by minsken thús, by bedriuwen, yn de hoareka en yn musea.

(advertinsje)
(advertinsje)