"Uneinich stake iennichste oplossing foar it ûnderwiis"

14 nov 2019 - 12:20

Allinnich mei in saneamde ultimative staking kin goed ûnderwiis foar de takomst behâlden bliuwe. Dat fynt âld-ûnderwizer en eartiids foarsitter fan it ûnderwiisbûn AOb Fryslân Andrys de Blaauw.

Blaauw die syn útspraken yn IepenUP live, dat dizze kear wiidweidich omtinken hie foar de problemen yn it ûnderwiis. Hy fynt dat ûnderwizers en dosinten it wurk krekt salang dellizze moatte oant it regear mei strukturele oplossings komt om it ûnderwiis wer sûn te meitsjen.

Sa fier woe fakbûnsbestjoerder Marieke Homan net gean. Boppedat soe dat neffens har gjin doel hawwe om't it ûnderwizend personiel dêrfoar te leaf is en te folle ferantwurdlikheidsgefoel hat. Wol stelde ek sy dat as de polityk net ree is om mei strukturele finansjele middels te kommen, de ein fan it ûnderwiis yn sicht is.

Ofheakkers

Ald ûnderwiis-man en oplieder fan dosinten Popke van der Zee wiisde yn dat ramt op de absolute needsaak fan in bettere beglieding fan jonge ûnderwizers. Leafst 75 persint heakket nammentlik al yn de earste twa jier nei har stúdzje ôf fanwegen alle hektyk en swierrichheden, sa wie syn ûnderfining.

Teätermakkers

Nije wike stiet IepenUP live yn de stedskas fan Explore the North op it Aldehouster tsjerkhôf. Dan wurdt de fokus rjochte op jonge teätermakkers mei in nije fisy op 'e wrâld. Gasten binne ûnder oaren Mounir Samuel, dy't syn nije foarstelling Toen schiep God Mounir tongersdei 21 novimber yn De Harmonie spilet en keunstner Bouke Groen, artistyk lieder fan it projekt Nieuwe Werelden.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20:00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)