Súdwest-Fryslân foar fjoerwurkferbod, mar fjoerwurkfrije sône komt der net

Der komme foarearst gjin fjoerwurkfrije sônen yn Súdwest-Fryslân, ek al is de gemeente foar in fjoerwurkferbod. De reden dat der gjin fjoerwurkfrije sônen komme, is dat de gemeente seit dat net hanthavenje te kinnen. De kapasiteit by de gemeente om op meldingen fan oerlêst ôf te gean, is net grut genôch.
Gjin fjoerwurkfrije sone
De gemeente Súdwest-Fryslân is foar in lanlik ferbod op swier knalfjoerwurk en fjoerpylken en stiet efter de lanlike beweging om it ôfstekken fan fjoerwurk troch partikulieren werom te kringen of sels hielendal te ferbieden. Mar yn de eigen gemeente slagget it net om in ferbod te hânhavenjen. Boargemaster Jannewietske de Vries: "It is in hiele útstrekte gemeente, en as der dan kwetsbere plakken binne yn dy gemeente dan moatte je in soad hânhaveners hawwe."
© Wikimedia Commons
De gemeente konstatearret ek dat de ynwenners fan Súdwest-Fryslân hieltyd minder hawwe mei de tradisjonele fiering fan âld en nij. It karbidsjitten nimt ôf, it ôfstekken fan fjoerwurk ek en der is minder rommel op strjitte. Neffens de boargemaster giet it dêrom oer it algemien ek tige goed mei âld en nij yn Súdwest-Fryslân.
Súdwest-Fryslân komt wol mei in kampanje om ynwenners bewust te meitsjen fan de gefaren fan fjoerwurk en dêr't minsken leaver gjin fjoerwurk ôfstekke kinne. De gemeente wiist dêrby op bistepensjons, soarchynstellingen en de omjouwing fan in hospice.