Provinsje yn petear mei fjouwer sektoaren oer stikstofkrisis

14 nov 2019 - 11:03

Fertsjintwurdigers út de lânbou, ferfier, natuer en bou prate tongersdei mei de provinsje oer de stikstofproblematyk. De provinsje wol mei dizze petearen in earste stap sette yn in breder dialooch oer dit probleem.

Foto: Kappers Media

Deputearre Johannes Kramer fertelt: "Fertsjintwurdigers fan fjouwer ferskillende sektoaren komme byinoar. We wolle foaral fan se hearre wat der by harren libbet as it giet om stikstofregels. We wolle witte watfoar útkomsten sy sjogge, mar ek hokker bedrigingen sy miskien sjogge."

Ofsprutsen is om de stikstofregels uterlik op 1 desimber koart te sluten mei it Ryk, mar Kramer leit út dat dizze datum yntusken dochs wat minder fêst stiet. Kramer: "Fansels wolle wy 1 desimber wol helje, mar we moatte ek soarchfâldich wêze. Dat kostet wat tiid. Net dat we 1 desimber net helje kinne, mar we wolle wol dat it mienskiplik droegen wurdt."

Johannes Kramer oer stikstof

(advertinsje)
(advertinsje)