Brânwacht fynt fetten mei oalje oan de kant fan de dyk

14 nov 2019 - 10:46

De brânwacht hat tongersdeitemoarn yn Ljouwert in tal fetten fûn. It giet om tonnen mei oalje.

Foto: Kappers Media

De fetten binne fûn oan de Poptawei yn de Fryske haadstêd. De brânwacht wist earst net om hokker stoffen oft it gie, en hat dêrom mei mei spesjale maskers op dwaande west om te ûndersykjen wat der yn de fetten siet.

Nei ûndersyk die bliken dat it om oalje gie. Offalferwurker Omrin hat de fetten opromme. It is net dúdlik hoe't de tonnen der telâne kaam binne, of fan wa't se binne.

(advertinsje)
(advertinsje)