Liening oan Sybrandy's Speelpark mei trochgean

14 nov 2019 - 10:24

It liket derop dat boarterspark Sybrandy's yn Aldemardum wer in takomst hat. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren is akkoart mei in liening foar it park.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mei de liening kin it park foar de regio behâlden bliuwe, sa tinkt it kolleezje. Oan de liening, en de ferhuzing dy't der achterwei komt, binne wol betingsten ferbûn. Dizze sille yn oparbeidzjen mei pachter Sjerp Jaarsma ôfstimd wurde.

Foar't it kolleezje de liening definityf oan Jaarsma jout, moat de pachter oan de gong mei crowdfunding. Dit hie er earder al tasein. Dat betsjut dat inkele hûnderten ynwenners en ûndernimmers dy't tasizzingen dien hawwe, de die no by it wurd dwaan moatte. Dit is foar it kolleezje in wichtich bewiis fan draachflak yn de regio.

Undernimmer Jaarsma wiis

Jaarsma is wiis mei de taseine stipe. "Dit is hiel moai nijs, ek foar de hiele regio", seit er. Mei de crowdfunding sil er no fierder. "Earder hiene allegear minsken mei-inoar al sa'n 100.000 euro tasein. Dat is noch net oermakke, want earst moast der dúdlikheid wêze oer de stipe fan it kolleezje."

De kommende dagen sil er oan de slach om kontakt op te nimmen mei elkenien dy't earder wat tasein hie. "Ik sil se maile. We ha ek altyd wol wat kontakt hân oer de ûntwikkelingen de ôfrûne moannen. En no moatte we fierder."

Yn ôfwachting op de liening hat Jaarsma de ôfrûne wiken ynspiraasje opdien: "Ik ha ferskate oare boarterstunen en natuerparken besocht. En ik bin al dwaande mei de tariedingen. Sa sykje ik offerten foar de ferhuzing fan alles. It moat bygelyks allegear demontearre en montearre wurde."

Sjerp Jaarsma

Gjin steatsstipe

In moanne lyn sei it kolleezje al dat se it park stypje woene mei in liening fan maksimaal 450.000 euro. It beslút dêroer waard útsteld, omdat de ried fynt dat der noch saken bepraat wurde moasten. Sa woene se witte oft der gjin sprake wie fan net tastiene steatsstipe. Juristen ha dat útsocht en de konklúzje is dat dêr gjin sprake fan is.

Wethâlder Frans Veltman

(advertinsje)
(advertinsje)