GroenLeven ferhuzet fan It Hearrenfean nei Ljouwert

14 nov 2019 - 09:50

Enerzjyleveransier GroenLeven sil har haadkantoar ferhúzje fan It Hearrenfean nei Ljouwert. Dat seit wurdfierder Maarten de Groot fan it bedriuw. It is it twadde grutte bedriuw yn koarte tiid dat It Hearrenfean ferlit, nei Body & Fit.

Foto: Omrop Fryslân

Groenleven wol mei har 150 meiwurkers ferhúzje nei in pân oan de Lange Marktstrjitte yn Ljouwert. It bedriuw wol nei de Fryske haadstêd om't se yn koarte tiid in stik groeid binne, en it hjoeddeistige pân net mear folstiet.

"We hebben overal in de provincie gezocht, maar alleen dit pand was echt goed geschikt. Vandaar de verhuizing. We wilden graag in Friesland blijven", seit De Groot.

Hearrenfean yn it hert

Groenleven wie yn de ôfrûne jierren haadsponsor fan SC Hearrenfean. "Daar zijn we nog steeds trots op. We vinden het jammer uit Heerenveen te vertrekken, en als het pand in Heerenveen had gestaan, dan waren we gewoon gebleven."

De ferhuzing lit noch eefkes op har wachtsje: yn it tredde fearnsjier fan 2020 moat alles oer nei Ljouwert.

Roland Pechtold fan Groenleven

Trefwurden: 
Ljouwert GroenLeven enerzjy
(advertinsje)
(advertinsje)