Kollum: "100"

14 nov 2019 - 08:21

"Hearlik! Hearlik! Dat Mark Rutte ús dit gunt, is wol in bewiis fan syn grutheid. We meie ynkoarten noch mar 100 km/o ride, yn plak fan somtiden 120, sa hiel no en dan 130, mar dochs ek wol hiel faak gewoan al 100. En juster kamen de reaksjes los, hearlik!

Foto: Omrop Fryslân

Yn 'e Volkskrant in man mei in elektryske Audi, dy't seit fan Kerkrade nei Amsterdam te moatten, en it 'geen goed idee' fynt, want 'als je overal maar 100 kilometer mag, gaat de maatschappij langzamer draaien.' Op de rit fan Kerkrade nei Amsterdam meist leau ik op in tredde part fan 'e rûte 130 ride op it stuit. De man fielt him benammen pakt om't er al elektrysk rydt: 'wij betalen twee keer zoveel voor een elektrische auto'. Die Audi fan him kostet sa'n 100.000 euro, sa lês ik op de website fan 'e fabrikant. Ast safolle jild útjaan kinst oan in auto, dan docht dy lêste 50.000 der ek net echt mear ta. Boppedat, foar dy elektryske Audi mei trije kear it gewicht fan in Polo, betellest gjin wegebelesting.

De Telegraaf hie de foarsitter fan 'e Porsche Club Holland, dy't ek net bliid is mei de ferleging fan 'e maksimumsnelheid. Hy neamt it 'een constante oefening in zelfbeheersing om Porsche te rijden in Nederland'. No meist nearne yn Nederlân op 'e iepenbiere wei hurder as 130, en is dat in snelheid dy't foar 99 prosint fan it wagenpark ta de mooglikheden heart, dus dy oefening yn selsbehearsking is net allinnich foar Porsche-riders.

Mar och heden, wat hawwe de snelle jonges it dreech yn Nederlân. Se moatte de manlike eigeners fan kneiterdjoere en superflugge auto's wer ris hawwe. Je meie ek hielendal neat mear yn dit lân.

In rotmaatregel, sei Rutte. It wurdt tiid dat de autorider ris pakt wurdt, sis ik. Want dy hawwe it yn 'e ôfrûne jierren ferkloate op in wize dêr't noch hiele haadstikken yn de skiednisboeken oer skreaun wurde sille. Dat we sûnt in pear jier 130 km/o ride meie, hat soarge foar mear fersmoarging, foar mear ûngelokken en foar mear files. Yn de VS steane fjilden mei ôfskreaune nije Europeeske diselauto's, fan 'e dyk helle om't se mei sjoemelsoftware té smoarch wiene. Te smoarch foar de VS, in prestaasje op himsels, mar yn Europa ride dizze selde disels noch rêstich rûn.

En doe't de tiid raasde om sunigere auto's, kocht elkenien in SUV. Se sitte lekker heech, se binne feiliger, se binne lekker rom, en noch mear fan dy ûnsinnige arguminten heardest, want it kaam der eins gewoan del op dat de buorman of de kollega op it wurk der ek ien hat. SUV's ferbrûke in kwart mear brânstof. Alle miljeubesparring dy't helle wurdt trochdat der no elektryske auto's ferkocht wurde, wurdt ferneatige troch it ekstra ferbrûk fan dizze SUV's, sa rekkene NRC dizze wike út.

Ja mar ik haw him nedich foar it wurk; ja mar ik wenje yn in bûtengebiet; ja mar ik moat de bern yn 'e auto hawwe kinne: allegearre prima, mar it antwurd is net útslutend SUV. It antwurd is ek net útslutend disel. It antwurd hoecht sels net perfoarst in auto te wêzen; de elektryske fytsen binne hiel wat mânsk hjoed-de-dei, en dan beweechst ek noch ris wat. Of pak gewoan ris wat faker de trein. Ik snap wier wol hoe leuk autoride is, mar hoe minder ast it dochst, hoe leuker it wurdt.

Ik kin allinnich mar laitsje om dy sneue typen dy't lilk wurde om't se oerdei net mear 130 ride meie. Ik hear bestjoerders op hege nivo's fernuvere útroppen: wêrom moat dit stikstofgedoch no yn ien kear? Al dy typen binne sels doelbewust ûnder in stien sitten hawwe; we witte dit al desennia.

Laitsje is mar it bêste. Sa't ik ek dy idioat dy't fan 'e wike op Facebook sette dat er himsels opblaze soe as de Piten net mear swart binne útlaitsje. En dy gekke Fryske âlde man op Twitter dy't himsels in leuke pake neame woe, mar sa rasistysk as de pest wie. En dy oare domme pake dy't sei dat er syn soan yn inoar ramme soe as dy homo wêze soe. Ik kin soks net serieus nimme. Oan hokker kant fan 'e skiednis wolle je stean. En lokkigernôch komme we ynkoarten sokke betize typen ek net mear mei 130 op 'e dyk tsjin."

(advertinsje)
(advertinsje)