Fisken mei e-mailadressen yn De Leijen by De Pein

14 nov 2019 - 08:09

Hoe komt it dochs dat it wetter fan De Leijen by De Pein sa troebel bliuwt en wat is de rol fan de brazem dêryn. Dy fraach stiet sintraal yn in grut ûndersyk dat hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert de kommende jierren dwaan sil, en om dat ûndersyk goed út te fieren hawwe de fisken allegearre in emailadres krigen.

Harkje nei in petear oer it ûndersyk

It ûndersyk wurdt dien by De Pein, om't it wetter fan De Leijen is tige smoarch en troebel is. "Brasem is een bodemwoelende vis, en er wordt vaak gedacht dat de activiteit van deze vis ervoor zorgt dat het water troebel wordt. Maar dat is bijna nooit goed onderzocht", fertelt ûndersiker Joop van Eerbeek fan hegeskoalle Van Hall.

It wetter is dêrnjonken perfekt foar it soart ûndersyk dat Van Hall dwaan wol. "Het is een goed rond meer, wat we goed kunnen afsluiten." De fisken wurde ien foar ien merke, sadat se deis en nachts yn de gaten hâlden wurde kinne. "Je kan dan zien of ze in het meer slapen, en of ze het hele jaar in het meer blijven."

Fiskers meie maile

Sportfiskers dy't aktyf binne by it wetter fan De Leijen moatte der rekken mei hâlde dat se in ûndersyksfisk nei boppe helje. Op alle fisken komt in emailadres en in merknûmer te stean. "Ik hoop dat ze die vis terugmelden bij het emailadres", seit van Eerbeek.

De earste fisken hawwe dizze wike har merkje krigen, it ûndersyk duorret yn totaal 3,5 jier.

Foto: Wikimedia Commons
Trefwurden: 
ûndersyk Van Hall brazem
(advertinsje)
(advertinsje)