Jobbegea wiis mei nije AED-stichting

14 nov 2019 - 07:10

It hat in heal jier duorre, mar yn Jobbegea hawwe se it foar inoar. Boargerhelpferlieners wurde dêr no folle faker oproppen as der yn ynsidint is.

Oant koartlyn waarden boargerhelpferlieners allinnich oproppen as immen hertproblemen hie yn in straal fan 750 meter. Hjirtroch koe it lykwols wêze dat nimmen oproppen waard as immen yn Jobbegea of Hoarnstersweach in hertstilstân hie, ek al hingje der yn dy doarpen AED's.

Mei de nije AED-stichting wurde boargerhelpferlieners yn in straal fan twa kilometer oproppen. It giet no om in pilot, wêrby't de boargerhelpferlieners fan Jobbegea en omjouwing partners wurde fan HartslagNu.

Mear frijwilligers

Ferline jier hat HartslagNu it beslút naam om de helpferlieningsstraal te ferleegjen fan 1500 meter nei 750 meter. "Dêrtroch kamen in soad húshâldings yn ús doarpen yn gefaar", seit Anja Roos, boargerhelpferliener yn Jobbegea. Sy is ien fan de minsken dy't wurk makke hat fan de ferheging fan de opropstraal. It is neffens De Roos net te sizzen oft der yn de tuskentiid yn de praktyk minsken slachtoffer wurden binne fan de ferleging fan de helpferlieningsstraal.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It hat ek noch wol in skoftke duorre foar't de hjoeddeistige opset hielendal ree en wurkklear wie. "Wy moasten earst in stichting fine, dy't ree wie om partner te wurden fan Hartslag Nu, dus it hat eefkes duorre", leit De Roos út.

Neffens De Roos binne der al in moai tal frijwilligers, mar kin de stichting altyd noch mear frijwilligers brûke. Takom wike dogge nochris tweintich doarpsgenoaten in kursus om mei in AED te reanimearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)