Baas Sealen Schaaf: Neushoorn fertsjinnet alle stipe fan de wrâld

13 nov 2019 - 22:22

Neushoorn fertsjinnet de stipe fan de gemeente Ljouwert, fynt Sealen Schaaf-baas Bobby Veenstra. Dat seit er nei oanlieding fan de konklúzje fan in rapport dêr't yn steld wurdt dat Neushoorn mei it budzjet fan no eins gjin besteansrjocht hat. Yn datselde rapport stiet ek dat de finansjele posysje fan Neushoorn ûnder druk set wurdt troch Schaaf. Der moat dus kritysker sjoen wurde nei it subsidiearjen fan produsinten dy't programmearje yn Schaaf.

Bobby Veenstra - Foto: Omrop Fryslân

De betingsten yn Sealen Schaaf binne folle geunstiger fanwege de legere kosten, sa wurdt skreaun. Veenstra is it dêr net mei iens, want al betellet Schaaf gjin hier, de gemeente jout ek gjin subsydzje. Dat is mei Neushoorn wol it gefal.

Ferskillende doelgroepen

Ek fertsjinnet in stêd lykas Ljouwert minstens twa muzykpoadia, fynt Veenstra en dat stiet ek yn it rapport. Dêr komt noch by dat sawol De Harmonie, Neushoorn as Sealen Schaaf harren rjochtsje op ferskillende doelgroepen. In fúzje hat dêrom gjin mearwearde, sa stelt it rapport. Dêr is Veenstra it hielendal mei iens.

Foto: Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan

Boargemaster en wethâlders sille no mei de ried om tafel om de konklúzjes en de oanbefellings fan it ûndersyk te bepraten. Se nimme de tiid om mei Neushoorn en De Harmonie te oerlizzen wat it bestjut foar harren. It ûndersyk giet oer it jier 2021 en fierder. Hoe't it mei Schaaf komt nei 2020 is ek noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)