Fakbûn CNV is bliid mei trochstart Hartman, mar der binne wol fragen

13 nov 2019 - 21:58

Fakbûn CNV is bliid dat der in trochstrart komt fan glêstúnboubedriuw Hartman troch de oername troch de Best Fresh Group. It Súd-Hollânske bedriuw skriuwt dat it fan doel is safolle mooglik wurknimmers fan Hartman te behâlden. It fakbûn wol gau mei de nije wurkjouwer yn petear om dêr dúdlikens oer te krijen.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ik ga gelijk bellen met de nieuwe directie, want ik ben benieuwd wat zij van plan zijn

Sijtze de Bruine, fakbûn CNV

Fakbûn CNV fynt dat der rap in trochstart fan Hartman realisearre is. De earste berjochten binne posityf, sa seit it fakbûn, al binne der noch wol fragen.

"Ik ga gelijk bellen met de nieuwe directie, want ik ben benieuwd wat zij van plan zijn. Misschien moeten er zelfs meer mensen aan het werk dan de huidige zeventig," sa seit Sijtze de Bruine fan de CNV.

De Bruine kin him foarstelle dat Best Fresh noch tebekhâldend is oer hoe't it no krekt komt mei de santich meiwurkers en oft se harren wurk behâlde kinne. De Bruine: "Dat wordt gedaan om geen valse hoop te geven. Maar aan de andere kant spreken zij van een groot deel van de medewerkers. Dus dan denk ik: Goed zo!"

Fakbûn CNV oer oername glêstúnboubedriuw Hartman

Streek sette ûnder wat bard is

It fakbûn stiet derfoar dat alle meiwurkers bliuwe kinne. Hoe't dat ferinne sil, is ôfwachtsjen. Dat is ek wat it fakbûn fan de meiwurkers heart. "We wachten af, zeggen ze. De afgelopen tweeëneenhalfjaar hebben de medewerkers behoorlijk wat voor hun kiezen gekregen. En nu is er nog geen duidelijkheid".

De wurknimmers fan Hartman tochten nei de reorganisaasje earder dit jier dat der doe in punt set wurde soe achter de úndúdlike situaasje yn it bedriuw. Mar it fallisemint fan ôfrûne wike makke de situaasje fan de wurknimmers opnij ûnwis. It fakbûn wol ek graach witte hoe't de nije direksje tsjinoer de earder makke ôfspraken oer de oplieding en ûntwikkeling fan de wurknimmers stiet.

By de reorganisaasje fan Hartman is de tasizzing dien om te ynvestearjen yn de wurknimmers. It fakbûn giet derfan út dat dit it lêste stadium is fan de ûndúdlikens binnen it bedriuw. "Ik kan me niet voorstellen dat de onrust blijft. We moeten een streep zetten onder wat er is gebeurd en positief naar de toekomst kijken met elkaar", seit De Bruine.

Jan Jelle Wissmann fan doarpsbelang Seisbierrum-Pitersbierrum

Jan Jelle Wissmann - Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke oer de oername fan Hartman

(advertinsje)
(advertinsje)