Auto rekket fan de dyk en bedarret yn sleat by Holwert
By in auto-ûngelok oan de Ljouwerterdyk by Holwert is woansdeitemiddei in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre.
It is net dúdlik hoe't it mei de bestjoerster fan de auto giet. Ek de oarsaak fan it ûngelok is net bekend. In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat helle.