Ambuhelikopter pasjinteferfier Waadeilannen makket 2000e flecht

13 nov 2019 - 21:02

De ambulânsehelikopter foar pasjinteferfier fan de Waadeilannen makke woansdei syn twatûzenste flecht. De ambuhely is sûnt novimber 2016 geregeld yn de loft. Yn al dy jierren hawwe de bemanningen ferskate pasjinten fan de Waadeilannen nei sikehuzen oan de wâl oerbrocht.

Foto: ProNews, Laura Conijn

De twatûzenste flecht gie woansdei nei Skylge. Dêr waard in pasjint ophelle dy't nei in sikehûs brocht wurde moast.

(advertinsje)
(advertinsje)