Winkellju hawwe lêst fan yngewikkelde prosedueres en regels, oprop ta aksje

13 nov 2019 - 20:07

Nei de boeren, de bousektor en it ûnderwiis wolle no ek de winkellju aksjefiere. Om te begjinnen stjoere se fan dizze wike ôf lilke brieven en mailtsjes nei de polityk. De winkellju hawwe gjin stikstofproblemen en ek gjin PFAS yn de grûn, mar neffens de brânsje-organisaasje INretail wol lêst fan in optelsom oan regels en wetten.

Foto: pixabay.com

Ingrid Kramer hat twa linzjerywinkels, ien yn Snits en ien yn Bussum. Sy hat de aksje as ien fan de earsten ûnderskreaun. "Ik stypje dit, omdat ik it winkelgebiet yn in hiel soad stêden en doarpen ûnder de mjitte fyn. Dêr moat feroaring yn komme."

Neffens Kramer rint fernijing yn de winkelsintra stikken op yngewikkelde regels en drege prosedueres. "Dat fyn ik ferskriklik om te sjen. Yn Bussum en Snits soe ik in moai sintrum hawwe wolle, ek mei it each op de takomst".

Fierders kriget Kramer gauris klachten fan har klanten oer it parkearjen yn it sintrum. "Guon minsken begripe de parkearapp net en it gefolch is dat hja dan mar trochride". By need betellet Kramer de parkearkosten dan mar, om gjin klanten te ferliezen.

"Minder leuke winkels"

Kramer sjocht dat jonge ûndernimmers it dreech fine om in winkel te begjinnen. "Jongeren moatte fuortendaliks kapitaal hawwe, want de banken jouwe net sa gau in liening mear." As jongeren kieze kinne tusken in tsjinstferbân of it begjinnen fan in winkel mei alle risiko's dy't dêrby hearre, tinkt Ingrid Kamer dat hja kieze foar it earste. "De konsewinsje is: in sintrum mei minder leuke winkels."

De winkellju wolle dat Den Haag druk útoefenet op de gemeenten om harren prosedueres en regels oan te passen. Kramer: "Wy moatte wol wat dwaan. As it sa trochgiet, kin it wolris te let wêze. Dat mei net gebeure."

Trefwurden: 
aksje winkels INretail
(advertinsje)
(advertinsje)