Botniastins yn Frjentsjer wurdt ferboud ta akademygebou

De ferbouwing fan de Botniastins yn Frjentsjer is úteinset. Dêrmei kin de stins ynkoarten brûkt wurde as akademygebou foar de Academie van Franeker. De Academie van Franeker is ûnderdiel fan Campus Fryslân en Rijksuniversiteit Grins.
Frjentsjer wurdt wer in Universiteits sted
De Botniastins wurdt yn dizze ferbouwing foarsjoen fan in kolleezjeseal, biblioteek en ferskate wurkromten. It idee foar de Academie van Franeker ûntstie yn 2017 as earbetoan oan Frjentsjer as eardere universiteitsstêd. Yn jannewaris 2020 moat it akademygebou iepene wurde.

Neitinke oer fersâltingsproblematyk

De ferbouwing kin plakfine mei stipe fan de saneamde Europeeske Leader-subsydzje. Dat smyt ûnder oare in wurkromte foar zzp'ers op, leit ponghâlder en bestjoerslid Anne Bergsma út. Ek is der plak foar gearkomsten fan de saneamde fellows, minsken út ferskate ynstituten, om te brainstoarmjen oer ien oerkoepeljend probleem. "Sy kinne bygelyks neitinke oer de fersâltingsproblematyk", seit Bergsma. "Wy wolle de fellows mei-inoar neitinke litte, om troch de wittenskip de regio wer foarút te helpen."
Anne Bergsma fertelt oer de takomst fan de Botniastins
Ta beslút is yn it Akademygebou aanst noch in kolleezjeseal te finen, mei plak foar sa'n fyftich studinten. De banken komme út de katolike tsjerke fan Wytmarsum.

Twadde universiteit fan Nederlân

De âlde universiteit fan Frjentsjer waard yn 1585 oprjochte, as twadde universiteit fan Nederlân. Bergsma: "Dat hat duorre oant 1811. It rûn mei grutte 'ups' en fansels ek mei wat 'downs'. Dêrnei hat it gebou oant 1845 in ateneum west."
Yn de iuwen dêrnei krige de Botniastins noch hiel wat oare bestimmingen. Sa die it gebou ek jierrenlang tsjinst as weeshûs. Mei de transformaasje ta akademygebou hat de 500 jier âlde stins wer in nij doel. Bergsma: "No nimme wy it stokje oer."
Anne Bergsma oer de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer