LTO wol dat ek boeren wat weromkrije foar fermindering stikstof

13 nov 2019 - 18:15

Boere-organisaasje LTO fynt dat de agraryske sektor wat werom krije moat as sy bydrage oan fermindering stikstof. Dat seit regiobestjoerder Trienke Elshof as reaksje op it needpakket fan stikstofmaatregels.

Kij fan Haite Schukken - Foto: OF

Yllegaal buorkje

Troch de útspraak fan de Ried fan Steat binne in soad boeren eins yllegaal oan it buorkjen: ûnder de âlde PAS-regeling mochten se mei in melding gewoan buorkje. Dat mei no net mear, want no moatte se in fergunning oanfreegje. En dat kin net, omdat alles op slot sit.

Gjin útwreiding boerebedriuwen, mar befêstigjen besteande aktiviteiten

Mei de needwet fan it kabinet (troch de maksimumsnelheid op sneldiken te beheinen ta 100 km yn de oere bygelyks), komt der wer romte frij. Dy giet lykwols foar in grut diel nei de bou: der komme huzen by. As der romte komt, soe dat ek foar de boeren jilde moatte. It giet net om útwreiding fan bedriuwen, mar gewoan it befêstigjen fan aktiviteiten dy't sy no al dogge, Dit jout ek in prikkel yn de sektor om mei te wurkjen oan alternative projekten. Sa soe troch oar foer foar de kij de stikstof fermindere wurde kinne.

Harkje nei Harm Wiegersma, foarsitter Nederlânsk Bûn Melkfeehâlders

De Ried fan Steat bepaalde yn maaie 2019 dat de Nederlânske oanpak om de stikstofútstjit werom te bringen en dêrmei kwetsbere natuergebieten te beskermjen, net foldocht oan Europeeske regels. Guon projekten koene troch it oardiel fan de Ried fan Steat net trochgean. Fergunningen wurde yn guon gefallen net ferliend en yn oare gefallen sels ynlutsen. Dizze wike kaam it kabinet mei in needwet. Mear nijs oer stikstof is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)