FIDEO: Dit binne de wichtichste stikstofmaatregels

13 nov 2019 - 17:53

In legere maksimumsnelheid op de sneldiken en minder aaiwyt yn it fretten fan kij: it binne twa maatregels fan it kabinet om derfoar te soargjen dat der wer hûzen boud wurde kinne. 'Vroempartij' VVD is net bliid mei de legere maksimumsnelheid, fertelt Steatelid Durk Pool. PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg fynt de maatregel folslein logysk.

De provinsje Fryslân sil tongersdei oan de slach mei in eigen pakket stikstofmaatregels, fertelt deputearre Avine Fokkens. It giet dan om saken as stadiger ride op provinsjale autodiken, mar ek om maatregels foar boeren dy't flakby in natuergebiet buorkje. Wat dy maatregels wurde is noch net bekend.

De Ried fan Steat bepaalde yn maaie 2019 dat de Nederlânske oanpak om de stikstofútstjit werom te bringen en dêrmei kwetsbere natuergebieten te beskermjen, net foldocht oan Europeeske regels. Guon projekten koene troch it oardiel fan de Ried fan Steat net trochgean. Fergunningen wurde yn guon gefallen net ferliend en yn oare gefallen sels ynlutsen. Dizze wike kaam it kabinet mei in needwet. Mear nijs oer stikstof is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)