Winkellju wrakselje mei Swarte Pyt

13 nov 2019 - 17:41

Wol of gjin Swarte Pyt yn de winkels. Dat is in fraach dy't op dit stuit wer spilet by winkellju yn Fryslân. Want kinst noch Swarte Piten brûke yn etalaazjes of op pakpapier? Dêr is in protte diskusje oer.

Wol as net Swarte Pyt in puzzel foar winkellju

Yn Wommels binne se der wol oer út: Swarte Pyt kin yn de gewoane stiennen winkel noch wol. Foar winkelfrou Grietje van der Velde is de tradisjonele Pyt ek in kwestje fan nostalgy: "Ik kin eins net sûnder dy nostalgy, want ik haw it as bern meimakke." Se hat de winkel dêrom fersierd mei Swarte Piten.

By webwinkel ferdwynt Swarte Pyt

Yn guon plakken is dat miskien foer foar diskusje, mar net yn Wommels, sa fernimt Van der Velde: "Oer it algemien tink ik dat wy hjir nochter binne. Ik hear der nea ien oer." Dochs is dat net it gefal by de webwinkel fan de boartersguodsaak yn Wommels. "Wy brûke al fjouwer jier papier sûnder Swarte Piten derop. Kinst fernimme dat it oars wurden is. Op it momint dat der diskusje oer kaam, krigen we dat te hearren. En ek al tocht ik dat it fan aktivisten kaam, wy hawwe der wol foar keazen om der wat mei te dwaan."

It pakpapier is lykwols in oar ferhaal. Dit jier kin de boartersguodwinkel noch papier mei Swarte Piten leverje, mar dêrnei liket it dreger te wurden. "Sjochst dat de leveransiers dêryn wikselje, dat it feroaret en dat Swarte Pyt ferdwynt." Dochs is it gjin kar fan Van der Velde sels om mei Swarte Piten op pakpapier op te hâlden: "It is gewoan net mear te krijen." Dêrfoar werom komt papier mei allinnich Sinteklaas derop en mei kadootjes, en dus gjin inkelde fariant fan Pyt.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei winkeleigener Grietje van der Velde út Wommels

Trefwurden: 
Swarte Pyt Wommels Sinteklaas
(Advertinsje)
(Advertinsje)