Wurkstraf foar oanriden auto nije freondinne eks-partner

13 nov 2019 - 17:18

In 40-jierrige frou út Wolvegea hat in wurkstraf fan 80 oeren oplein krigen fanwege it tatakeljen fan trije auto's. It giet om de auto's fan har eks-partner, dy syn nije freondinne en de auto fan de soan fan de eks.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De auto's stiene parkearre by it hûs fan de eks yn Wolvegea. De frou wie dêr nei ta riden fanwege in rûzje. By it fuortriden, ried se ûnder oare twa kear tsjin de auto fan de nije freondinne fan har eks oan. De frou sei dat se dat die, omdat se yn panyk rekke wie. Mar dat leaude de rjochter net. De frou hie twa kear safolle drank op as mei.

De frou hoecht foarearst de skea noch net te beteljen, omdat de skeaformulieren net goed ynfolle binne.

Trefwurden: 
Wolvegea
(advertinsje)
(advertinsje)