UPDATE: Fytser slim ferwûne by oanriding yn Ljouwert

13 nov 2019 - 17:16

By in oanriding op de Nieuwekade yn Ljouwert is in fytser slim ferwûne rekke. It slachtoffer waard skept troch in auto.

Foto: Kappers Media

It slachtoffer is mei in ambulânse nei it WTC oerbrocht, dêr't in traumahelikopter út Amsterdam klearstie. Dy koe net tichterby lânje. De traumahelikopter fan Eelde wie dwaande by in oare ynset. De Nieuwekade hat in skoft ôfsletten west ferbân mei it plysjeûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)