Hans de Boer oer PFAS-krisis: "Dit is gjin ûndernimmersrisiko, mar polityk risiko"

It bedriuwslibben sil in skeaclaim yntsjinje by it kabinet, omdat grûnfersetbedriuwen in skoft lang niet wurkje kinne fanwege PFAS-maatregels. Neffens foaroanman Hans de Boer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW is it Ryk ferantwurdlik foar - wat er neamt - in ferskriklik bedriuwsûngelok. Hy wol útsykje hoefolle oeren oft der net wurke is, en dy oeren claime by it kabinet.
Hans de Boer © VNO/NCW
It Ryk hat der in soadsje fan makke mei dizze maatregels, seit Hans de Boer. "Dêr hawwe wy in pear kear foar warskôge, mar der komme gjin oanpassingen. Grûnfersetsbedriuwen en transportbedriuwen hawwe dêrfan te lijen. Dit is gjin normaal ûndernimmersrisiko, dit is in polityk risiko. Wy riede no in skeaclaim ta. De branche fan de grûnfersetsbedriuwen sammelet de gegevens en wy as VNO/NCW besykje de claim binnen in dei of tsien op tafel te lizzen.

Miljard

De Boer: "De skeaclaim kin oprinne ta in bedrach tsjin de miljard fan al dy bedriuwen dy't net wurkje kinne troch de PFAS-maatregels. Dat hie steatssekretaris Van Veldhoven tefoaren komme kinnen. Want doe't se it belied ôfkundige, hat se de gegevens net yn kaart brocht. Se hie ek sizze kinnen: "Ik schort mijn beleid even"oant de gegevens der binne. Dat is net bard en no moat se foar de gefolgen fan har dieden ynstean."
Hans de Boer: Dit is gjin ûndernimmersrisiko
PFAS (poly- en perfluoralkylstoffen) is in sammelnamme foar mear as seistûzen gemyske stoffen. Dy sitte yn in soad dingen en ek yn de grûn. Fanwege de stikstofkrisis en de PFAS-maatregels mei der gjin grûn mear ôffierd wurde. Grûnfersetsbedriuwen en ek túnbedriuwen kinne in soad wurksumheden net mear útfiere. Benammen de grûnbedriuwen en de transportsektor hawwe dêr skea fan.