Wer twa minsken oanholden yn ûntfieringssaak Grinzer yn Ljouwert

De plysje hat nochris twa fertochten oanholden yn it ûndersyk nei in ûntfiering fan in 18-jierrige Grinzer yn Ljouwert. It giet om twa Ljouwerters fan 19 en 29 jier.
De omjouwing dêr't it slachtoffer frijlitten wêze soe © Kappers Media
De man fan 18-jier út Grins wie op 13 septimber út syn wenplak meinommen nei Ljouwert. Hy soe ûntfierd, mishannele en efterlitten wêze by it Ljouwerter rekreaasjegebiet de Griene Stjer.

Earder al trije oaren oppakt

Earder hat de plysje al trije manlju oan: it gong om twa Ljouwerters fan 19 en 26 jier en in 32-jierrige man út Stiens. De plysje trof se oan yn in auto yn deselde nacht fan de ûntfiering. It ûndersyk nei de saak is yntusken klear.
De rezjysitting fan de fiif fertochten is op freed 13 desimber. Wannear't de ynhâldlike sitting is, is noch net dúdlik.