IepenUP Live: It ûnderwiis yn rep en roer

13 nov 2019 - 19:45

Leararen wolle mear jild, der is in tekoart oan learkrêften en nettsjinsteande de ôfspraken tusken de ûnderwiisbûnen en it kabinet wol de efterbân fan de dosinten noch hieltyd aksjefiere. Yn dizze IepenUP Live wurdt der sprutsen mei minsken út de hiele breedte fan it ûnderwiis. Hoe sjocht it ûnderwiis yn Fryslân der yn de takomst út?

Te gast binne ûnder oare Marieke Homan fan de AOb (Algemene Onderwijsbond), Janet Weima, direkteur fan skoalle foar spesjaal basisûnderwiis De Bolder, Baukje van den Berg, meiwurker ûnderwiis en kwaliteit by ûnderwiisynstelling Palludara en Trudy Oldenhuis, sjoernalist fan it Frysk Deiblêd.

De muzyk wurdt fersoarge troch Alex Kooistra.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)