Wurk oan Ofslútdyk en Waadseedyk kin trochgean troch needwet stikstof

13 nov 2019 - 15:06

De needwet dy't it kabinet ynfiere wol om de diken en kust te fersterkjen, betsjut goed nijs foar sawol de fersterking fan de Ofslútdyk as de Waadseedyk by Flylân. Beide projekten drigen fertraging op te rinnen troch de stikstofkrisis.

Wurk oan de Ofslútdyk - Foto: Kappers Media

De Waadseedyk op Flylân foldocht op dit stuit net oan de feilichheidseasken. By ekstreme stoarmen kinne stiennen út de dyk slaan en kin der in gat ûntstean.

Ek de Ofslútdyk moat ferstevige wurde. Oer in lingte fan 32 kilometer wurdt in beskermjende toplaach oanbrocht tsjin oerslaand wetter. Fierder moatte de slûzen fersterke wurde en komme der grutte pompen by Den Oever. De fersterking fan de Ofslútdyk stie op in list mei 127 belangrike ryksprojekten dy't troch de stikstofkrisis net trochgean koene.

(advertinsje)
(advertinsje)