Fallite kwekerij Hartman út Seisbierrum makket trochstart nei oername

13 nov 2019 - 14:44

It túnboubedriuw Hartman fan Seisbierrum is rêden. It bedriuw Best Fresh Group út it Súd-Hollânske Poeldijk wurdt de nije eigener fan Hartman. Woansdeitemiddei ha de partijen in oerienkomst tekene.

Hartman wie de ôfrûne twa jier ûnderdiel fan memmebedriuw The Fruit Farm Group. Dat wie gjin sukses, want ûnder nij management waarden miljoeneferliezen makke. It kassebedriuw soe ferkocht wurde, wie it idee. Dat slagge net. Ferline wike frege The Fruit Farm Group it fallisemint fan Hartman oan. In kurator gie dêrnei op syk nei in oernamekandidaat.

Gefolgen wurknimmers noch ûndúdlik

Der binne sa'n 70 minsken fêst yn tsjinst by Hartman. Dy ha de ôfrûne wike gewoan trochwurke. It is noch wol de fraach oft dy minsken der allegear bliuwe kinne, seit Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer. "It is wol de bedoeling dat in grut diel fan dy minsken meigiet. Mar hoefolle krekt, dat is noch ôfwachtsjen. It kin bêst wêze dat der earst 50 minsken oan de slach komme, omdat it no noch in rêstige tiid is. Der ha ek noch gjin petearen mei de fakbûnen west."

Best Fresh Group is eigener fan mear bedriuwen yn de brânsj. It is in grutte spiler, fertelt De Boer. "It is ûntstien út Valstar, in kassebedriuw yn griente en fruit. Yn de rin fan jierren is it trochgroeid en hat it ek oare bedriuwen oernommen. Yntusken is dat dus de Best Fresh Group en dy binne no hiel grut." Sa binne se ek aktyf yn Dútslân, Spanje en Tanzania. "Se ferhannelje alle jierren sa'n 150 miljoen kilo griente en fruit."

Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hartman hope al op dit bedriuw

Al fan it begjin ôf wie de Best Fresh Group yn byld as oernamekandidaat, seit De Boer. "Mar by in fallisemint kinne ek oare partijen har melde. En der wie nochal wat oan de hân fansels by Hartman. Oernamekandidaten wolle fansels net dat der noch liken út de kast falle. Der moast ek noch in priis bepaald wurde. Mar Hartman hope altyd al op dit bedriuw."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de oername

(advertinsje)
(advertinsje)